Foar’t Opium op swart giet…

Omdat jim no dochs op de hichte bin, wol ik jim de neifolgjende mail net ûnthâlde. Ik pleats him om’t ik my net knevelje lit en boppedat net ynsjoch wêrom’t sa’n diskusje net iepenbier wêze mei. By einsluten giet oer de demokrasy en de rantsjes dêrfan. Dat, lês it fluch, want ear’t jim it witte is it gebeurd…

Beste Willem Schoorstra,

De Privacy-wetgeving valt onder de Nederlandse wet. Zo ook hebben wij dit beknopt in onze gebruikersvoorwaarden gezet.

Ik stel het niet op prijs dat je mijn correspondentie met jou online, op je weblog zet:
http://willemschoorstra.web-log.nl/opium_foar_t_folk/2008/10/wibe-kluts.html

Van onze juridische afdeling heb ik het volgende handvat gekregen waar ieder zich aan moet houden:

De hoofdregel dat alleen persoonsgegevens op internet mogen worden gezet onder meer als de betrokken persoon toestemming heeft gegeven of als een algemeen belang dat rechtvaardigt, geldt ook voor publieke personen en/of publieke informatie. Bij ontbreken van toestemming (dit is meestal het geval) is dus vooral de belangenafweging aan de orde. Publieke personen hebben ook recht op privacy. Nu is het wel zo dat sommige publieke personen een voorbeeldfunctie vervullen in de maatschappij maar dit rechtvaardigt alleen dat het belang bij bijvoorbeeld publicatie op internet van door hen gepleegde misstanden zwaarder weegt dan hun belang bij privacy. Dat rechtvaardigt dus niet dat bijvoorbeeld onschuldige gebeurtenissen rond dergelijke personen zonder meer op internet mogen worden gepubliceerd. Een belangenafweging blijft dus altijd noodzakelijk.
Voor publieke informatie geldt hetzelfde, als publiek bekend is dat bijvoorbeeld Wouter Bos in een vroegere functie fraude heeft gepleegd, kan het toch onrechtmatig zijn om dat feit op internet te zetten. Het hangt ook van de omstandigheden af waaronder die publicatie op internet plaatsvindt.

"Vrijheid van Drukpers, art. 7 Grondwet"
Dit zal ik uit laten zoeken.

Aangezien de schending van de privacy-wet in strijd is met onze gebruikersvoorwaarden, waar je zelf akkoord voor hebt gegeven, weegt dit voor mij zwaarder.

Mijn verzoek uit de eerdere mail blijft dan ook staan. Daarom vraag ik je om de berichten binnen 24 uur aan te passen of te verwijderen en mij hier, in een reactie op deze mail, van op de hoogte te brengen.

Indien je hier geen gehoor aan geeft, kan dit gevolgen hebben voor je weblog.

Ik hoop op een spoedige medewerking.

Vriendelijke groet,
Allard
Weblog Support

Supportdenmark2en

En mysels…

Mondjedicht

8 October 2008
By on 13:57
Wibe Kluts

Ik wit it, it giet mei hoarten en stjitten. Drok mei allegear oare dingen, lykas skriuwen en gitaarspyljen. Yn alle gefallen wol ik jim op de hichte bringe fan de mooglikheid dat Opium meikoarten út de loft helle wurdt.

Okkerdeis krige ik in mailtsje fan ien dy’t beswier makke tsjin it gegeven dat ik yn de Sjonny fan der Heide-snuorje de namme Wiebe Pruts brûkte. Hy hie dêr neat mei te meitsjen, skreau er. Bêst genôch. Ik ha noait úthâlden dat soks sa wie, inkel de mooglikheid op it aljemint brocht. Blykber noaske dyjinge dat net, en hy fersocht my de namme fuort te heljen. Bytsje nuver, in pseudonymus dy’t net neamd wurde wol yn ferbân mei in lyksa ûnder pseudonym operearjend persoan. Hawar, de koal it fet net wurdich. Lykwols krige ik hjoed in mail fan Web-log, mei it fersyk om ien en oar te ferwiderjen. Hjirûnder de tekst.

Beste w.schoorstra@home.nl, beheerder van willemschoorstra.web-log.nl,

Er is een melding binnen gekomen over het onterecht vermelden van bedrijfs- en persoonsnamen op je weblog.
Onder andere in het bericht:
http://willemschoorstra.web-log.nl/opium_foar_t_folk/2007/11/sjonnie_van_der.html
Maar ook links naar onder andere:
http://www.zshare.net/audio/51318721441c10/

Dit is in strijd met de Privacy wetgeving. Daarbij schend je onze gebruikersvoorwaarden punt 5.4.b en 5.4.c ( http://www.web-log.nl/page/voorwaarden ).

Ik verzoek je hierom dan ook om binnen 24 uur de berichten aan te passen of te verwijderen en mij hiervan middels een reactie op deze mail van op de hoogte te stellen.

Graag zie ik in ieder geval dat de namen aangepast en links naar personen en/of bedrijven verwijderd worden van alle berichten welke in strijd zijn met onze gebruikersvoorwaarden en/of de wet.

Ik hoop op een voorspoedige medewerking en als je nog vragen hebt hoor ik dat natuurlijk graag.

 

Vriendelijke groet,
Allard
Weblog Support

Lês de gebruikersvoorwaarden 5.4.b en 5.4.c soe ik sizze. Fansels ha ik in skriuwen werom dien, dat ik net fan doel bin om ien en oar te feroarjen. As ik soks nei foaren bring falt dat ûnder de Grûnwet, tinkt my. En oars mar net. Mar goed, as op in stuit de boel op swart stiet, witte jim wat der te rêden is.

Okkerdeis ek krige ik it boek De Hearen fan Fryslân, fan Arjen Terpstra. ha it noch net lêzen, en as ik de reaksjes fan Nynke, dy’t tige tige har bêst dien hat om it út te krijen, sa fernim, lit ik it earst mar gewurde. No sa. Tenei mear. Tink ik…

Hn

4 October 2008
By on 17:18
Marista

Ofrûne sneon, en net foar it earst, wer in cd kocht, by Mariusz syn saak yn Dokkum. Hy wie der sels ek, en ik koe it net litte om te hifkjen hoe’t it mei de hannel gie. Want it is net om de nocht, de Music Corner hâldt der mei op om’t it net mear út kin, en hy stapt der krekt sa fleurich yn.

Hy joech lykwols oan dat er tige tefreden wie. Op dat momint wie it ek aardich drok, fral oan de metal-kant, likernôch de helte fan it oanbod. Dat befêstige it byld dat de measte orizjinele cd’s troch metalheads kocht wurde. Ik frege oft er him fandatoangeande net spesjalisearje woe. Dêr wie Dokkum e.o. krekt wat te lyts foar, sei er, en dat sil grif sa wêze. Boppedat soe er dan syn Marista-guod ek net kwyt kinne fansels…

Wat ik kocht ha? Guitar Gangsters&Cadillac Blood fan Volbeat. Miskien krekt wat minder hurd as it eardere wurk, mar likegoed in fantastysk skyfke. Oanrikkemendearre!

Jonnycashfinger

+

Elvispresley

+

Metallicarosshalfin1

=

Volbeat_110

8 September 2008
By on 15:09
Fedde Schurer

Lies ik dat de Fedde Schurer publykspriis no mei nominaasjes wurket. Trije skriuwers kinne yn de prizen falle: Krol, Schotanus en Oosting. Ik wit net wa’t de seleksje dien hat ( of wêrom’t der überhaupt in seleksje makke wurden is. Wiene der net mear debutanten?) mar foar it neist is it systeem om jins stim út te bringen itselde bleaun. As dat it gefal is, wurdt it in kwestje wa’t de measte prikken yn it fjoer set, de grutste famylje hat, de measte kunde. Dat hat nammentlik de lêste kear ek oan de oarder west. Doe krige Ruurdsje de Haan de publykspriis, nei in slagge ynternetkampanje. It stiet elk frij om soks te dwaan, mar de wearde fan sa’n priis wurdt fansels relatyf.

Doe’t ik trije jier lyn de Fedde Schurer krige, wiene Krol en Schotanus ek al gadingmakkers, njonken Elmar Kuiper en Aggie van der Meer bygelyks. In sterke fjildbesetting, neame se soks yn fuotbalrûnten. Ris sjen wa’t dizze loop út de bus rûgelet. Spekulearje? Wa tinkt jim?

De Grutte Fedde
Lamericafeddeflyerfront_2

4 September 2008
By on 14:17
Rook fan Paternalisme

Hoe kin it dat it Frysk Festival mislearre is? Dêr sil elkenien dy’t dêrmei anneks west hat, him de kommende tiden oer bûge. Yn dat ramt moat ik de siswize de wierheid hat in skel lûd oanhelje. It fallyt fan it festival hat neat te krijen mei bgl. eangst foar eksperimint, mar mei it folslein ûntbrekken fan eigenheid. De foarstellings mei de measte besikers wiene dy mei in dúdlike, Fryske ynbring. Dêr komme de lju op ta, net om’t it fertroud is (sa’t hjir en dêr suggerearre waard), mar om’t se witte dat Fryske keunstners sels hiel goed by steat binne om de (finsters?) ruten iepen te setten, en nijsgjirrich binne op hokker wize hja dat dogge. En as ik sis de lju doel ik net allinne op Friezen, mar ek minsken út de rest fan it lân.

It bysûndere fan it Festival (hie dat wêze moatten) is no krekt dat it Frysk is, hielendal yn in tiid fan globalisearring op alderhanne mêd. Ivich spitich om konkludearje te moatten dat de rook fan paternalisme sa’n barren nei gychem holpen hat.

Alwer in yntime foarstelling
Legeseal

2 September 2008
By on 14:28
Castlefest-miny

Temiddei nei Ljouwert west, it Midsieuwsk Tafriel op it saailân. In soarte fan Castlefest-miny, mar dochs aardich. Moai waar, in relaxte sfear en mei Rapalje en A New Dawn wie it musikale part ek goed fersoarge. Mar dêr’t it Castlefest in heidensk barren is (want ophongen oan it Keltyske Lughnasad, ynklusyf Wickerman) wie dit eins allinne in merk. Hawar, kin neat skele. Sjoen it tal besikers hiene se it trouwens ûnderdiel fan it Frysk festival meitsje moatten… Ympresje:

Us Elbrich en in freondintsje
Img_4212

Img_4215

Img_4217

Img_4218

Img_4224

Img_4225

Img_4236

Img_4238

Castlefest:
Img_4151

Img_4147

Img_4161

31 August 2008
By on 17:00
En?

Hoe is it oars, bêste minsken? Goeie simmer hân? Hokker boeken ha jim lêzen? (Nee, it hoege net beslist Fryske te wêzen. Wat fan Dan Brown mei ek, hear. Of Stephen King. Of Salman Rushdie. Sis it mar.) Noch nuvere of nijsgjirrige dingen meimakke? Geile, faaks? Wêr ha jim west? Rome? Torremolinos? Backpacke yn Noorwegen? Of wiene de Fluessen jim goedernôch?

Jim hearre it, ik wol alles witte. It is lang lyn dat wy inoar moete ha, dat wy moatte even byprate. Ha jim jim noch erges oer opwûn? Of just net? Miskien nei in moai festival west? Wâldrock? Wacken? Dokk’em Open Air? Wêrom wit ik net, mar ik sjoch jim mear as in Lowlands-publyk. Of bin ik hielendal mis? Sitte jim by Lytse Teake op de foarste rige?

Teake
Teake_2

Heidevolk ûnder it sjongen fan Koning Radboud. Liever Dood dan Slaaf... Eins klinkt it net. Mar dochs in moai nûmer! Check it refrein hjirûnder. As jim de kâns krije om se te sjen… Dwaan!

Img_4192

Liever dood dan slaaf – eer uw voorvaders
Liever dood dan slaaf – blijf uw broeders trouw
Liever dood dan slaaf – eer uw vaderland
Liever dood dan slaaf – blijf de goden trouw

27 August 2008
By on 15:28
Op de doele

Krige ik okkkerdeis in mailtsje fan ien fan it Skriuwersbûn. Wat der te rêden wie, om’t ik myn weblog net byhâlde. It taaste my suver yn it moed, sok omtinken. Tagelyk fernuvere it my ek. Want wie myn firtuele absinsje no krekt net wat it politburo fan it Bûn woe: ophâlde mei it blogjeuzeljen om serieus oan de slach te gean? Sokke tsjinstelde sinjalen bringe in minske op de doele. Wat moast ik dwaan? It politburo stelde yn it bûnsblêd (de Oesdrip) dat it dien wêze moast mei it on-line pielen, om’t it inkeld klaphout fersjitten wie.

Fansels ha se gelyk. Yn njoggen fan de tsien gefallen giet it yndie nerges oer. Op itselde stuit kin men jin ôffreegje oft dat moat. It antwurd is like fansels: nee. As ien op syn of har blog de Rorschach-spatten yn syn of har ûnderbroek analysearret, fyn ik dat prima. Foar syn of har literêre kant reizgje ik wol nei de winkel; wurdt der ek nochris in boek ferkocht.

Boppedat is alles in kwestje fan persepsje. Ik bedoel: de iene skriuwer hâldt út dat it him fierstente mâl giet yn it bloggerweareldsje, optearret foar it Tuike Tuike en Wat is ‘t Moai Waar-model; wylst de oare fynt dat der gjin polemyk is en mear halzen ôfbiten wurde moatte. No, fyn dêr jin paad mar ris yn. Nee, it falt allegear net ta, bêste minsken. Gelokkich is it Frysk festival út ein set, dat men kin jins tinzen fersette. Der binne foarstellings by de rûs. Lykas tagongskaarten, nei’t ik begrepen ha.

Doele

26 August 2008
By on 16:43
Hoi

Ja, ik wit it, mar ik kin mar ien ding tagelyk. No is it sjesa dat ik, nei oanlieding fan in grap dy’t hielendal út de klauwen rint, okkerdeis in elektryske gitaar kocht ha. Soks betsjut op itselde stuit dat der oefene wurde moat. En krekt as yn 1741 ha ik no bloedblierren op de toppen fan de fingers. Kwestje fan trochbiten; mei in wike, fjirtjin dagen is it yl.

Wat de grap oangiet, ferlykje it mar mei it gegeven fan in film as Full Monty: besykje wat te learen dat men noait kinnen hat, en dat ta in goed ein bringe. It eindoel is om mei in ploech manlju (dy’t op ien nei noch noait in noat songen of spile ha) in stikmannich nûmers oer it fuotljocht te bringen. Dat is de útdaging. En it slagget, dêr bin ik wis fan. Sa wis, dat der al oer merchandise neitocht wurdt…

Sa_likernch

22 May 2008
By on 15:10
1010, tel se mar

Nee echt, men kin dochs net mei goed fatsoen achter de pc sitte no? It is al slim genôch dat fan it wykein de Giro út ein set…

Bondibeachbabes01

9 May 2008
By on 16:45